Basisskoalle De Sprong yn Ljouwert ûntromme troch brân

26 aug 2015 - 09:54

Yn basisskoalle De Sprong yn de Ljouwerter wyk Techum hat woansdeitemoarn koarte tiid brân west. De brân ûntstie by in lampe yn it plafond. Alle bern moasten út it skoalgebou. De brânwacht koe it fjoer blusse troch in pear platen fan it plafond los te heljen. Utwreiding fan it fjoer koe sa ek foarkaam wurde. Twa plysjes wisten de bern op it skoalplein goed te fermeitsjen.

Doe't de brânwacht en de plysjes fuortrieden, setten de meiwurkers de sirenes spesjaal foar de bern noch efkes oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)