Basisskoalle De Mienskip krijt wer stimpel 'eksellint'

26 jan 2015 - 20:00

Basisskoalle De Mienskip yn Bûtenpost hat op 'e nij de titel 'eksellinte skoalle' krigen. Dat predikaat is moandeitemiddei útrikt troch premier Mark Rutte en steatssekretaris Sander Dekker. Eksellinte skoallen binne skoallen dêr't goed ûnderwiis jûn wurdt en dy't it op guon ûnderdielen dúdlik better dogge as oare skoallen.

It is de twadde kear dat De Mienskip de titel 'eksellint' kriget. De Tamsmaskoalle yn Tsjummearum hie de titel ek twa jier, mar is him no kwytrekke. Fryslân hat sadwaande op 't heden mar ien eksellinte skoalle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)