Basisfersekering goedkeaper

03 nov 2008 - 12:36

De preemje foar de basisfersekering fan soarchfersekerder De Friesland giet takom jier justjes nei ûnderen.

Fersekerden betelje yn 2009 hast 1 euro minder yn 'e moanne. De Friesland is de earste grutte soarchfersekerder dy't de preemje nei ûnderen docht. Oare fersekerders as CZ, Delta Lloyd en Univé hâlde de preemje gelyk of dogge de basisfersekering wat omheech. De preemje foar de oanfoljende fersekeringen giet wol omheech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)