Basisdebút foar El-Akchaoui

20 aug 2010 - 13:07
  • Youssef El-Akchaoui (foto: Dirk-Jan Haarsma)

Youssef El-Akchaoui makket sneon syn offisjele kompetysjedebút foar SC Hearrenfean yn de thúswedstriid tsjin NAC Breda. De nije oankeap siet tsjin PSV en FC Twente noch op de bank omdat Ron Jans de foarkar joech oan Calvin Jong-A-Pin. Troch de blessuere fan Milan Kopic skoot Jong-A-Pin troch nei it sintrum en kin El-Akchaoui syn debút meitsje yn 'e basis.

Freed wurdt de knibbel fan Milan Kopic ûndersocht, dan wurdt dúdlik hoe lang hy út de rûlaasje wêze sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)