Basis ûnderskept fleantugen

30 jul 2008 - 15:42
  • F-16's ûnderskeppe ûnbekende fleantugen

Unbekende fleantugen yn it Nederlânske loftrom wurde fan freed ôf wer ûnderskept troch F16's fan de Ljouwerter fleanbasis. Dy nimt dan de saneamde Quick Reaction Alert-taak oer fan de fleanbasis Volkel.

Wannear't de loftferkearslieding gjin radiokontakt krije kin mei in fleantúch wurde der fuortendalik F16's de loft ynstjoerd om sa'n fleantúch te ûnderskeppen. Piloaten fan de basis steane 24 oere deis klear om dizze feilichheidstaak út te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)