Basis kabinet yn Fryslân lein

05 jan 2007 - 17:14

Yn Beetstersweach is freed de basis lein foar in nij kabinet. Op it bûten Lauswolt ha CDA, PvdA en ChristenUnie besletten om de kommende wiken fierder te praten. Oan it begjin fan de middei op de tredde dei fan de petearen kamen de fraksjefoarsitters nei bûten.

It is noch te betiid om de flagge út de stekken. De kommende wiken wurdt fierder ûnderhannele ek wer op saneamde geheime plakken yn it lân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)