Bas Hettema (9) fytst 1900 euro nei Glêzen Hûs Heerlen

23 des 2015 - 14:35
  • Bas Hettema mei syn heit

De fytstocht fan de 9-jierrige Bas Hettema fan Drachten syn heit Wopke hat woansdeitemoarn noch it nedige omtinken krigen by it Glêzen Hûs yn Heerlen. Bas en syn heit mochten mei de fyts it plein opkomme en de 1900 euro oerlangje, dy't se ynsammele hiene foar Serious Request. Heit en soan waarden by it glêzen hûs koart ynterviewd en wiene live op telefyzje.

De fytstocht begong sneon yn Drachten. Yn trije dagen hawwe se de 300 kilometer nei Heerlen ôflein. De tocht wie swier fanwege de hurde wyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)