Bas Dost wol beslist nei Ajax

30 jan 2011 - 21:48

Bas Dost wol mei alle geweld nei Ajax. No't de Sportklup Hearrenfean in oanbod fan Ajax ôfslein hat wol de oanfaller mei in arbitraazjesaak syn oergong nei de Amsterdamske klup ôftwinge. Dost is it net iens mei de gong fan saken. Boppedat hat er in protte ûnfrede no't er mear op de bank sit as yn it fjild stiet. Syn saakwaarnimmer Henk Nienhuis befêstiget de gong fan saken.

De arbitraazje is moandei om healwei twaen yn Zeist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)