Bas Dost tekenet kontrakt

14 maaie 2010 - 15:03
  • Bas Dost (foto: website sc Hearrenfean)

Bas Dost tekenet moandei in 5-jierrich kontrakt by Sportklup Hearrenfean. Earder wie Hearrenfean der al út mei de klup fan Dost, Heracles Almelo. Dost sil moandei earst medysk keurd wurde, foardat er syn hantekening ûnder it kontrakt set.

De 20-jierrige Dost bruts it ôfrûne seizoen troch yn de earedivyzje. De spits skoarde fjirtjin goals yn 34 kompetysjeduels foar Heracles. De ploech út Almelo einige ûnder lieding fan Gertjan Verbeek as seisde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)