Bas Dost spilet mei masker op

27 apr 2012 - 14:37

Bas Dost spilet sneon yn de útwedstriid tsjin Heracles Almelo mei in masker op. De oanfaller fan SC Hearrenfean hat ferline wike nei in earmtakke yn syn gesicht syn jokbonke brutsen. Freedtemoarn trainde de topskoarder fan Nederlân foar it earst mei in masker en hy sjocht gjin swierrichheden om tsjin Heracles te fuotbaljen. "Ook met dit masker kan ik doelpunten maken", sa seit Dost.

Doelman Brian Vandenbussche ûntbrekt yn Almelo. De doelman hat in blessuere oan de ljisk en wurdt ferfongen troch Kristoffer Nordfeldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)