Bas Dost net nei Feyenoord

24 jan 2011 - 18:18

Hearrenfean ferhiert Bas Dost net oan Feyenoord. "Bas Dost is it grutste talint fan Nederlân, dy lit je net samar de doar útgean", sa seit SC Hearrenfean-foarsitter Robert Veenstra. Feyenoord hie moandei de klup benadere foar de spits.

Earder hie ek Ajax al kontakt opnaam om te ynformearjen nei de sitewaasje fan Dost. Ferhiere is foar SC Hearrenfean gjin opsje. Se wolle allinnich oer ferkeap prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)