Barto yn spits by Cambuur

17 des 2013 - 12:45
  • SC Cambuur
  • Martijn Barto

Martijn Barto begjin woansdei yn de spits by Cambuur yn de bekerwedstriid tsjin FC Utrecht. Hy spilet foar Michiel Hemmen dy't noch altyd hinder ûnderfynt fan in knibbelblessuere. Hemmen wurdt sparre foar de kompetysjewedstriid sneon tsjin NAC Breda. Fierder spilet Cambuur nei alle gedachten mei deselde spilers as snein tsjin Ajax.

De bekerwedstriid tsjin FC Utrecht giet om in plak by de lêste acht. Earder wûn Cambuur fan de amateurs fan Katwijk en, fia penalty's, fan NAC Breda. Yn de kompetysje wûn Cambuur mei 3-1 fan FC Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)