Barto mooglik nei FC Zwolle

23 jan 2011 - 14:27
  • Martijn Barto

Spits Martijn Barto fan Harkemase Boys traint mei by FC Zwolle, yn de hoop in kontrakt te fertsjinjen. FC Zwolle stiet op it stuit boppe-oan yn de Jupiler League. Barto, dy't ek yn de belangstelling stiet fan SC Cambuur, spile earder foar de betelle fuotbalklups RKC en Helmond Sport.

Ek âld-Drachtster Boys spiler Marco van der Heide krijt in kâns by Zwolle. Van der Heide spilet no by sneons topklasser Flevo Boys. Cambuur soe neist Barto, ek Van der Heide ha wolle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)