Barto kin direkt nei FC Zwolle

24 jan 2011 - 22:19
  • Martijn Barto kin kieze út twa klups

Harkemase Boys spits Martijn Barto kin per direkt nei FC Zwolle. Barto trainde moandei mei by de koprinner fan de Jupiler League en kin fuort in kontrakt tekenje. Cambuur wol de spits ek oanlûke, mar dan foar takom seizoen. Barto hat no betinktiid krigen om in kar te meitsjen. Mocht er Harkemase Boys ferlitte, dan krije dy dêr gjin fergoeding foar.

By Harkemase Boys is Barto dwaande oan syn fjirde seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)