Barto kiest foar SC Cambuur

29 jan 2011 - 12:11

Oanfaller Martijn Barto tekenet in 2-jierrich kontrakt by Sportklup Cambuur. Hy makket it seizoen ôf by Harkemase Boys en makket dan de oerstap nei it betelle fuotbal. Barto hie ek in oanbieding fan koprinner FC Zwolle. De kâns is lykwols grut dat dy klup takom jier yn de earedivyzje spilet. Fraach wie dan oft Barto wol oan spyljen takomme soe.

By Cambuur komt Barto syn âld-trainer Henk de Jong wer tsjin. De beide wurken al gear by Harkemase Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)