Bart Swings wint iepen NK skeelerjen

22 aug 2015 - 17:28
  • De finish fan Bart Swings
  • Bart Swings

De Belch Bart Swings hat sneon it iepen NK skeelerjen yn Hallum op syn namme skreaun. It wie de 28e edysje fan de saneamde Bartleheimtocht. De wedstriid by de manlju gie oer 100 kilometer.

Nei 30 kilometer ûntstie der in kopgroep fan tsien man. Yn de lêste ronde ûntsnapten dêr nochris fiif man út. Dêr ûntstie in spannende einsprint, dy't wûn waard troch Swings. Gary Hekman fan Kampen waard twadde en de Frânsman Alexis Contin tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)