Bart Helmholt wint yn Winsum

09 jul 2011 - 22:39
  • Bart Helmholt, foto Martin de Jong

Bart Helmholt fan Burgum is sneon mei oermacht winner wurden fan de fierljepwedstryd yn Winsum. Syn 20.08 meter yn de earste sprong folge troch in tredde sprong fan 20.21 meter wie de konkurrinsje fierstente machtich. Nard Brandsma fan it Heidenskip kaam it tichtste yn de buert mei 19.50. Thewis Hobma waard mei 18.66 tredde.

Hiske Galama wûn by de froulju mei 14.98. De junioareklasse wie foar Alwin Fonk mei 18.42. Sytse Bokma wie de bêste by de jonges mei 17.72

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)