Bart Helmholt wint yn Bûtenpost

09 jun 2006 - 11:44

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat tongersdeitejûn yn Bûtenpost mei oermacht de twadde fierljepwedstriid fan it nije seizoen wûn. Mei in sprong fan 18.62 meter bleau hy de konkurrinsje mear as in meter foar. Klaas Haanstra út Warkum waard twadde mei 17.61 meter, Mark van Houten út Snits waard tredde mei 17.56 meter.

Frysk rekordhâlder Henk Schievink fan Burgum kaam net fierder as 16.82 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)