Bart Helmholt wint NFM op It Heidenskip mei sprong fan 20.59

26 jul 2015 - 16:42
  • Sytse Bokma, Bart Helmholt, Wietse Nauta, Klaske Nauta

Fierljepper Bart Helmholt hat snein de 27e edysje fan de Nasjonale Fierljepmanifestaasje (NFM) op It Heidenskip op syn namme skreaun. Yn de alderlêste sprong fan 'it iepen NK' kaam er ta in winnende ôfstân fan 20.59 meter. Thewis Hobma einige as twadde mei 20.45 meter. Ysbrand Galama waard tredde mei 19.51 meter. By de froulju waard Klaske Nauta de ferrassende winneres, mei 16.15 meter.

Sytse Bokma pakte de winst by de junioaren mei 18.81 meter. Wietse Nauta wûn by de jonges mei in persoanlik rekôr fan 16.73 meter.

By de froulju waard Dymphie van Rooijen twadde en Marrit van der Wal tredde. Gewoanwei is de NFM altyd op sneon. Dat wie dizze kear ek sa, mar troch it needwaar koe de wedstriid sneon lang net ôfmakke wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)