Bart Helmholt wer oer 20 meter

29 jun 2010 - 23:09
  • Hiske Galama , Klaske Nauta en Sybrich Vlas (foto: Martin de Jong)

Bart Helmholt ljepte tiisdeitjûn op It Heidenskip al yn syn earste sprong oer de 20 meter. Mei 20.04 waard de Burgumer winner. Rein van der Wal fan Parregea waard twadde mei 19.48. By de froulju wie Klaske Nauta fan Drylts de grutte ferrassing. Mei in persoanlik rekôr fan 15.18 pakte se har earste deititel.

Albert-Jan Venema fan Feanwâlden waard mei 18.74 de winner by de junioaren. Age Hulder fan Burgum pakte syn twadde deititel by de jonges mei 16.87.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)