Bart Helmholt wer de bêste

19 maaie 2007 - 23:05
  • Bart Helmholt: betiid yn foarm (foto Martin de Jong)

Bart Helmholt fan Hurdegaryp hat sneontejûn de earste wedstryd fan it nije fierljepseizoen wûn. Op de skâns fan Burgum sprong hy 18,75 meter. Dêr mei bleau hy de nûmer twa Hannes Scherjon fan Noardburgum 40 sentimeter foar. Ferline jier wie Helmholt ek al de bêste by de earste wedstryd.

De oerwinning by de junioaren gie nei Jacob Scherjon fan Burgum mei 17,99 meter. By de jonges wûn Alwin Vonk. By de froulju wûn Nynke Veltman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)