Bart Helmholt sterkste op NFM

30 jul 2011 - 23:08
  • Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)

De Nederlânske Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip is wûn troch Bart Helmholt mei in seizoenrekôr fan 20.49 meter. Ysbrand Galama wûn it sulver mei 20.35, it brûns gie nei Thewis Hobma mei 19.99.

Yn alle oare kategoryen gienen de titels nei de Hollanners. Wilco van Amerongen wûn by de junioaren (18.32). By de froulju wie Wendy Helmes mei in nij skânsrekôr fan 15.99 de sterkste. De jongestitel gie nei Erwin Timmerarends mei in nij pr fan 17.83.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)