Bart Helmholt set goed út ein

16 maaie 2009 - 23:11
  • Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum is it nije seizoen geweldich út ein set. By de earste wedstryd, sneon yn Bûtenpost, pakte Helmholt de titel mei oermacht. Yn syn lêste sprong sette hy mei 19.85 meter in nij skânsrekôr del.

Twadde waard Ysbrand Galama fan It Heidenskip mei 19.04 meter. It tredde plak wie foar Henk Schievink út Ljouwert. Hy sprong 18.69 meter. By de junioaren gie de titel nei Jacob Scherjon fan Burgum mei in hiel knappe 18.32 meter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)