Bart Helmholt pakt lêste titel

20 aug 2009 - 09:19
  • Huldiging fan 'e bêste fierljeppers yn Grypstsjerk (foto Martin de Jong)

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum hat woansdeitejûn de lêste wedstryd fan it Fryske seizoen yn Gryptsjerk wûn. Mei in ôfstân fan 19.41 meter wie hy de oare topklassers fier de baas. De broer fan Bart, Thomas, waard twadde yn Gryptsjerk mei 18.99. Tredde wie Thewis Hobma. Hy helle 18.81.

By de froulju wûn Hiske Galama. Alwin Fonk wie de bêste by de junioaren. Hans Ulco de Boer wûn by de jonges. Takom sneon stiet noch it NK yn Jaarsveld op it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)