Bart Helmholt: nij Ned. rekôr

05 aug 2010 - 22:10
  • Bart Helmholt ûnderweis nei it nije rekôr
  • Ysbrand Galema ploft op 20.48 meter yn it sân

Bart Helmholt ljepte tongersdeitejûn op syn 'eigen' skâns yn Burgum mei 21 meter en 26 sentimeter in fenomenaal nij Nederlânsk rekôr. Nei't Ysbrand Galama fan It Heidenskip geweldich úthelle en foar it earst oer de 20 meter sprong (20.48), kaam de útsetter fan Helmholt.

It âlde rekôr stie mei 21.01 ek op syn namme. Dat hie de Burgumer ferline jier yn augustus ljept op it Nederlânsk kampioenskip yn Jaarsveld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)