Bart Helmholt in klasse apart

16 jul 2014 - 21:46
  • Bart Helmholt

Bart Helmholt hat mei in moaie 21 meter sprong de earste klasse fierljepwedstriid yn Winsum mei oermacht wûn. De hâlder fan it nasjonale en Fryske rekôr (21.55), kaam nei 21.04 meter yn it sânbêd. Oane Galama waard twadde mei 19.43, Nard Brandsma tredde mei 19.32.

De deititel by de froulju gong nei Marrit van der Wal mei in persoanlik rekôr fan 15.50, foar Klaske Nauta mei 15.34. Age Hulder wie mei 19.28 de bêste junior, Bobby Zwaagman waard mei 18.59 twadde. Jan Teade Nauta wie as sa faak dit seizoen de winner by de jonges mei 17.75.

Sneontejûn wurdt der ljept yn Burgum. Dan stiet it Keningsljeppen op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)