Bart Helmholt hast 20 meter

10 jul 2007 - 23:15
  • Bart Helmholt (foto fan Martin de Jong)

It waard krekt gjin 20 meter, mar de 19 meter en 96 sintimeter dy't fierljepper Bart Helmholt tiisdeitejûn op de skâns fan It Heidenskip delsette mocht der wêze. Yn syn alderlêste sprong kaam de ljepper fan Hurdegaryp ta dizze ôfstân. Henk Schievink fan Burgum waard mei in nij persoanlik rekord (18.92) twadde.

Henk Rijpma fan Drylts ljepte by de jonges in geweldich nij persoanlik rekord. Syn ôfstân: 17.41.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)