Bart Helmholt Frysk kampioen

10 aug 2013 - 16:35
  • Bart Helmholt mei syn oanrin
  • Helmholt syn útsprong
  • Grutte bliidskip by de Frysk kampioen

Bart Helmholt is sneon foar de sechde kear Frysk kampioen fierljeppen wurden. Helmholt syn winnende sprong wie 20 meter 82. Ysbrand Galama waard twadde en Thewis Hobma tredde. By de froulju waard Klaske Nauta fan Drylts foar it earst Frysk kampioene. Sy sprong 14 meter 39. Hilianne van der Wal en Grytsje Abma waarden twadde en tredde.

By de junioaren waard Hans Ulco de Boer fan Jutryp Frysk kampioen mei 18 meter 47; Age Hulder waard twadde, Sytse Bokma tredde. By de jonges wûn Tom Hoekstra fan Drylts mei in sprong fan 17 meter 40.

Bobby Zwaagman waard twadde by de jonges, Wiebe Auke Postma tredde. Hans Ulco de Boer en Tom Hoekstra wiene yn 2012 ek kampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)