Bart en Bob de Vries: 1 en 2

15 jan 2011 - 22:17
  • Bart de Vries wint (foto: Sportfoto.nl)
  • It poadium yn Alkmaar (foto: Sportfoto.nl)

Bart de Vries hat yn Alkmaar de 15e wedstriid om de KPN Maraton Cup wûn. Yn de finale wie Bart rapper as broer Bob de Vries. De beide Haulsters sieten mei Martijn van Es - hy waard tredde - en Jens Zwitser yn de kopgroep mei in rûntsje foarsprong op it peloton. It wie foar Bart de Vries de twadde oerwinning.

By de froulju wûn Carla Zielman fan Rottum, de liedster fan it klassemint. Mariska Huisman waard twadde, Foske Tamar van der Wal tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)