Bart Beima wint 'Acht fan Annen'

05 jun 2003 - 00:00

It kritearium 'De acht fan Annen' waard woansdeitejûn wûn troch Bart Beima. It wie foar de Hurdegarypster (21) de earste oerwinning by de elites. Hy helle de winst yn 'e einsprint fan in kopgroep fan trije.

Troch benammen ek goed wurk fan syn twa jier jongere broer Marcel - dy waard tredde - koe de âldste Beima Jos Harms fan Oude Pekela achter him hâlde. Eelke van der Wal fan Holwert waard fjirde, Johan Dalstra fan Bûtenpost fyfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)