Barones te hôf brocht yn Friens

11 jul 2006 - 16:00

It doarp Friens makket him op foar in adellike begraffenis. Tiisdeitemiddei wurdt dêr barones Theodora Elisbeth Van der Feltz te hôf brocht.

De famylje Van Sytzama hat al in lange bân mei Friens. Ieuwen lang wiene se eigner fan Beslingastate. De state is al skoften fuort. It iennige wat oerbleaun is, is de grêfkelder fan de famylje. Dêr wurdt no ek de barones by set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)