Bark Europa docht Harns wer oan op wei nei Sail

15 aug 2015 - 15:43
  • Europa

It Tall Ship de Bark Europa die Harns eefkes oan. It skip wie ferline jier ek by de Tall Ships Races yn de havenstêd oanwêzich. It skip wie sneon de hiele dei te besichtigjen foar it publyk. Bark Europa fart snein wer út.

De âlde histoaryske skippen komme oeral wei en binne op trochreis nei Sail Amsterdam. Fan 19 oant en mei 23 augustus is it grutte nautyske evenemint yn Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)