Bargeportretten yn Snits

22 jul 2011 - 15:36

Alve grutte foto's op de Prins Hendrikkade yn Snits litte it publyk sjen hoe't bargen libje by in biologyske boer. Op de achterkant fan elke foto is in fergelykber byld te sjen, mar dan fan bargen yn de bioyndustry.

De tentoanstelling is organisearre troch de stichting 'Varkens in nood'. Se dogge dat mei Bas Gerdingh, riedslid GrienLinks yn SW-Fryslân. De organisaasje wol konsuminten fan bargefleis oan it tinken sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)