Bargen sûnder antibioatika

17 aug 2011 - 10:11
  • Bargeboer Lorist

In groep noardlike bargehâlders wol tenei gjin antibioatika mear brûke. De bargehâlders fan Frievar wolle fleis fan hegere kwaliteit ôfleverje. It soe ek lekkerder wêze.

Yn de bargehâlderij wurdt faak previntyf antibioatika brûkt. Ek al is de baarch net siik, dan wurde dochs medisinen jûn. Inisjatyfnimmer John Lorist is bargehâlder yn Himmelum. Hy hopet dat der in aparte merk is foar de nije kwaliteitsbargen. Sa soe it fleis mear jild opbringe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)