Barbecue op balkon Muntflat giet spontaanwei yn brân

09 jun 2015 - 14:21

De brânwacht en de plysje op It Hearrenfean binne tiisdeitemiddei útrukt foar in barbecue dy't spontaan yn brân flein wie. De barbecue stie op it balkon fan Muntflat Romsicht. In buorman seach reek fan it balkon kommen en warskôge de helptsjinsten. Omdat der net ien thús wie, bruts de plysje de doar iepen en makke it fjoer út. It balkon rûn skea op troch it fjoer.

De brânwacht warskôget minsken om de ynhâld fan in barbecue net samar yn in kontener te smiten. Der kin noch fjoer yn sitte. Dat hat al ferskate kearen ta in kontenerbrân laat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)