Barbara de Loor wint 1000 m.

08 jan 2006 - 08:12

Barbara de Loor fan It Hearrenfean is sneon 1e wurden op de 1000 meter by de NK sprint yn Assen. De regearjend wrâldkampioene ried dy ôfstân yn 1.20,85. De titelferdigenster hat har al pleatst foar de wrâldkampioenskippen oer twa wike yn Thialf op It Hearrenfean.

Beorn Nijenhuis is tredde wurden op de 1000 meter. Earste waard Stefan Groothuis yn 1.11,72. Gerard van Velde waard twadde op dizze ôfstân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)