Barakat werom yn de basis

29 feb 2008 - 12:29

Middenfjilder Adnan Barakat makket freed tsjin RKC syn rentree yn de basis by Cambuur. Ferline wike tsjin Veendam waard hy noch passeart troch trainer Jurrie Koolhof. De trainer hat tsjin RKC te krijen mei trije skorsings. Rick Hooijboer, Erik Wegh en Bennie van Noord binne der net by.

Marinus Dijkhuizen hat in blessuere oan de rêch en is mooglik net ynsetber. Yn dat gefal spilet Rene van der Weij yn de spits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)