Bar Braskoer tydlik ticht

07 des 2006 - 21:04

De gemeente Skylge hat tongersdei bar-dancing De Braskoer op Skylge-West tydlik slúten.

By kontrôle fan sloopwurksumheden hat bliken dien dat de mooglikheid bestiet dat der asbest yn it gebou oanwêzich is. Hjoed wurdt ûndersyk dien troch in ûnôfhinklike ynstânsje. Om gefaar foar besikers en personiel foar te kommen hat it kolleezje fan BenW fan Skylge út foarsoarch de saak op slot dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)