Bantsjes Live Strong rôversguod

02 sep 2004 - 09:36

De giele earmbantsjes Live Strong binne yn Fryslân net oan te slepen. Yn guon winkels binne se al útferkocht en moatte hieltyd nije bestellingen dien wurde. Yn Nederlân binne al 200.000 stiks ferkocht. Wrâldwiid binne fiif miljoen ferkocht. De opbringst giet nei de kankerbestriding.

Hurdfytser Lance Armstrong hie by de Tour de France as earste sa'n bantsje om. Se kinne ek op de ynternetside fan Lance Armstrong besteld wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)