Bantegeaster iisklup 'De Polder' út 'e skroeven foar Sjinkie

16 des 2015 - 17:25
  • IIsklup 'De Polder'

Bantegea is grutsk op Sjinkie Knegt. De shorttracker waard tiisdei útroppen ta 'Sportman fan it jier'. It doarp libbet bot mei. De minsken binne bliid dat de ambassadeur fan Bantegea sa'n grutte Nederlânske sportpriis wûn hat.

De leden fan de Bantegeaster iisklup 'De Polder' sieten plat foar de telefyzje. Yn har doarp sette Sjinkie syn earste streken op it iis. Earelid Feike van den Berg wie doe bestjoerslid en hat Sjinkie kommen sjoen. Ek hy siet mei in grutte glimk foar de telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)