Bantegea yn spanning om Knegt

21 feb 2014 - 22:26
  • Tsientallen Bantegeasters kamen nei de kroech om de wedstriid te folgjen

Yn Bantegea wie freed in grut skerm ophong yn doarpskafee it Alde Weintsjil. Hjir koene tsientallen belangstellende Bantegeasters mei-inoar live de Olympyske wedstriden fan doarpsgenoat en shorttracker Sjinkie Knegt folgje. De Bantegeaster kaam fjouwer kear yn aksje. Knegt wûn de kwartfinale fan de 500 meter, mar yn de heale finale gong it mis. En ek by de ôflossing waard der gjin medalje helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)