Bantegea ferskoot wedstriid

14 jan 2013 - 12:29

IIsklup De Polder yn Bantegea hat de koartebaanwedstriid foar manlju dy't foar tiisdeitejûn útskreaun wie, ferskood nei woansdeitemiddei. Dat hat te krijen mei de koartebaanwedstriid dy't tiisdeitemiddei yn Steggerda ferriden wurdt. Neffens foarsitter Wesselius fan de iisklup yn Bantegea hat it gjin doel twa koartebaanwedstriden foar manlju op ien dei te hâlden. It giet foar in grut part om deselde dielnimmers.

Bantegea hopet sneintemiddei it Frysk kampioenskip koartebaan foar B-junioren te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)