Bannen parkearde auto stellen

18 apr 2011 - 10:06

De plysje hat sneintenacht yn Kollumerseach twa minsken oanhâlden foar it stellen fan autobannen en autofelgen. It giet om in man fan 57 jier út De Westereen en in frou fan 30 jier út Kollumersweach.

De plysje seach harren riden by in kassekompleks. Se hiene ferskate bannen en felgen yn 'e auto te lizzen. Dy wiene fan in auto mei karre dy't by de kassen parkeard stie. De twa binne fêstset op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)