Bankoerfal yn Ljouwert

14 jun 2013 - 17:08
  • Plysje by de oerfallen bank

In ûnbekende man hat freedtemiddei besocht in bank oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert te berôven. De man bedrige in bankmeiwurker, mooglik mei in fjoerwapen. Hy easke jild, mar ferdwûn koarte tiid letter sûnder bút. Hy naaide út op in rôze frouljusfyts mei in fytstas mei blommen derop.

In tsjûge gie noch achter de man oan, mar ferlear him yn de Transvaalstrjitte út it each. De plysje hat dêrnei de sykaksje oernaam, mar hat de oerfaller net fûn. Dêrom wurde no tips socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)