Bankbus foar doarp sûnder pin

06 jun 2007 - 10:48

De spesjale bankbus fan De Friesland Bank rydt fan tiisdei ôf troch de provinsje. De bus, weryn ûnder oaren in pinautomaat foar it stoarten en opnimmen fan jild sit, docht 11 plakken oan.

De bus komt yn plakken wêr't de bank koartlyn it kantoar sletten hat of mei koarten de doarren ticht docht. Neist pinne kinne minsken yn de bus ek prate mei in meiwurker oer banksaken. De bank set útein mei twa bankbussen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)