Bank ynventarisearret keunst

07 mrt 2006 - 16:40

De Friesland Bank lit alle keunst dy't it bankbedriuw yn syn besit hat, ynventarisearje. It giet om tsientallen wurken fan bekende en minder bekende skilders en byldhouwers. Mar wat de bank krekt yn hûs is net presys bekend.

De Friesland Bank hat in keunstkenner oanlutsen om de keunstwurken dy't de bank hat yn kaart te bringen. De bank sil ek ienris yn de moanne in keunst-eksposysje hâlde yn de hal fan it haadkantoar yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)