Bank wol ekstra ûnderpân ha

20 mrt 2012 - 07:16
  • Elkien

Wenningkorporaasje Elkien moat 7,7 miljoen euro opbringe as ûnderpân foar in liening by de bank. Elkien lient fia saneamde derivaten jild by banken. No't de rinte sakke is wolle de banken in ekstra ûnderpân fan de wenningkorporaasje.

In wurdfierder fan Elkien seit dat de wenningkorporaasje genôch eigen jild hat om hjiroan te foldwaan. En omdat de rinte yntusken al wer omheech giet, rint de hichte fan de ûnderpânferplichting wer werom. Dy soe neffens Elkien no noch 2 miljoen euro wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)