Bank op auto fallen

06 des 2007 - 11:47
  • De bank foel earne fan ôf en klapte op it foarrút

In frou út Rien is ferline wike oan 'e dea ûntkaam doe't in bank op har auto foel. Dat wie op 'e Froonackerdyk tusken Winsum en Dearsum. De bank foel yn it healtsjuster earne fanôf op Martie de Vreugt har auto en soarge foar in skea fan 3000 euro.

De fersekering wol neat betelje en dêrom siket frou De Vreugt de eigner fan 'e twasitsbank dy't noch ynpakt wie. De gemeente hat de stikkene bank letter ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)