Bank moat guod weromjaan

13 mrt 2003 - 00:00

De ING bank moat in diel fan it guod fan Westerbaan werom jaan. Dat hat de rjochtbank tongersdei bepaald. De partij hout en in izeren balke fan it bedriuw binne neffens de rjochter yn beslach naam nei't Westerbaan al fallyt ferklearre wie. It guod heart ta oan de twa boubedriuwen dy't út Westerbaan fuort kaam binne.

Eigner Brander woe de beslachlizzing opheffe. As de bank it guod net werom jout, moat in twangsom betelle wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)