Bank ferdwynt út Aldeberkeap

18 sep 2013 - 16:16
  • Bank Bercoop yn Aldeberkeap

De Friesland Bank ferdwynt út it strjitbyld fan Aldeberkeap. As gefolch fan de fúzje mei de Rabobank is it ien fan de kantoaren fan de Friesland Bank dy't slute moat. In bankkantoar mei in bysûnder ferline, dat ea as selsstannige bank begûn is. Yn 1902 is de Coöperatieve Voorschot- en Spaarbank iepene. De bank groeit en ferhuzet letter nei in grutter gebou yn it doarp en wurdt dan Bank Bercoop.

Yn 2004 nimt de Friesland Bank it oer en dy is yntusken wer oernaam troch de Rabobank. It gebou stiet hast leech en slút yn novimber.

De lêste bankmeiwurkers ferhúzje nei oare lokaasjes fan de Rabobank. Wat der mei it gebou sels barre sil, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)